Provinsjale miljoenen foar Fryske monuminten

23 des 2015 - 11:31

It âld suvelfabryk fan Achlum krijt in ton fan de provinsje foar de restauraasje fan it bedriuwsgebou. Dit is ien fan de 33 bestimmingen dêr't de provinsje jild foar jout. Yn totaal giet der 2,5 miljoen euro nei monuminten en it Kultuerfûns foar monuminten yn Fryslân. Fan dat jild komt der 1 miljoen út it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân.

Oare bestimmingen binne ûnder oare de eardere Vermaning-tsjerke yn Frjentsjer, skipswerf De Helling op De Jouwer, trije brêgen yn Harns en de krûdopslach fan De Skâns.

Neffens deputearre Johannes Kramer snijt it mes oan meardere kanten. It betsjut net allinnich in ympuls foar it erfguod, mar it komt ek de wurkgelegenheid en it restauraasje-ambacht te'n goede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)