Mear kij rûnen bûtendoar, mar yn ferhâlding toch minder

23 des 2015 - 10:44

Yn 2014 hawwe 1,1 miljoen kij bûten weide. Dat binne der 10.000 mear as yn 2013. Mar omdat der 50.000 mear kij yn Nederlân binne, is it persintaazje kij dat bûten weidet sakke fan 70 nei 69%. Yn 2001 stie noch 90% fan de kij bûten. Benammen de lytsere melkfeehâlders hawwe de kij yn de greide.

By gruttere bedriuwen mei melkrobots is it fanwege de bedriuwsfiering dreger om de kij bûten te hawwen, omdat se faker molken wurde moatte. De measte kij rinne bûten yn de feangreidegebieten yn it westen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)