Kollum: "Kryst, tryst"

23 des 2015 - 09:40

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 

"De krysttiid duorret meast twa dagen en in nachtmis, mar no dus trije dagen lang. Foar my is Kryst altyd de ein fan it jier. Dat domme gesjit in wike letter heart al wer by it nije jier. No seker, as teken dat we dan ek noch lang net fan it gesjit yn de wrâld ôf binne. Dus ik jou my no ek mar oer oan de oertinking fan it jier 2015. Dat kin ek bêst want der bart fierder ek net sa hiel folle oan de ein fan it jier. No ja Roel Sluiter set oeral syn boargemasterlike hantekening ûnder. Hie him no ek mar stikem in bryfke ûnder de noas treaun dat Harns dochs yn de Waadhoekegemeente meigiet, dat hie der ek sa tekene. Ek al om't it logysk wêze soe, wat is mear Waadhoeke as Harns. Fierder krijt it tsjerkje fan Skettens in skythûs, ek betelle troch it Waadfûns, dêr witte se dus net iens wêr’t se mei de sinten hinne moatte, want de stront fan Skettens komt echt net yn it Waad telâne. Ljipaaien wiene ek noch yn it nijs. No, it is better dat we dy net mear opfandelje, want de earsten binne der dit jier mei dit waar begjin febrewaris al, en dan is it in hiel soad aaien oant 1 april. Dochs singelier dat elke organisaasje dêr’t Rindert Algra yn sit, spul mei elkenien krijt. Of soe dat oan Rindert lizze? 

As ik sokke gedachten krij is it dúdlik, der bart net safolle wichtichs. Logysk. De iennichsten dy’t noch wurkje bin boargemasters. Dy sitte har dea te skriuwen en te tinken oer de nijjiersrede, want dêr moat krekt efkes wat mear bysûnders ynstean as in oar hat, oars kom je net yn de Ljouwerter. Mei inkel preuveljen fan lok en seine binne je der net. Politisy binne thús, sitte om de beam en fertelle de bernsbern grutsk wat se allegear betsjutten ha foar de mienskip, want dat seit in oar dochs net. Mar dy bern harkje net, it ynteressearret har ek gjin hol wat pake al of net dien hat.

De rest fan de befolking hat frij. Dy sitte thús op de pakjesbesoargers te wachtsjen en sjitte in ree by de Lidl. Noch in liter of twa, trije sûpersguod en de krysttiid kin begjinne. Ja, we gean noch wol efkes nei de âldsjes, mar fierder moat de sûnenssoarch der mar mei rêde, we betelje takom jier al wer mear. Mar we ha allegear fakânsje, hear; kinne je jesels al efkes goed tariede op it skyen, letter yn jannewaris en febrewaris. No dan sitte Peaske en de foarjiersfakânsje al wer tichtby, de baas rêdt him mar. We jouwe ús del ûnder de beam mei keamers en tunen grôtfol enerzjyfrettende lampkes. We sette de radio oan, mar dy giet daliks wer út. Wer sa’n miljeuidioat oer de klimaattop. Hâld op.

No ja en dan hâlde de media dêr ek mar mei op. De lju wol muzyk en ûnsin. De kombinaasje is Serious Request, ik ha der efkes nei harke en tink dat Benny Jolink gelyk hat, it belang fan de presintatoaren is wichtiger as dat fan it Reade Krús. Mar sa wurkje al dy programma’s. Ek mei al dy idioate listkes fan wa of wat wie it bêste fan it jier. Ik ha dan fansels de drang om de minste dit of dat der út te sykjen, mar sels dat wurdt no ek rûnom dien.

Mar ik bin wurch fan apart te wêzen, ik wol ek in listje ha. Emoasjes. Wat foar emoasje past it bêst by 2015. Fertriet, ach ja der binne wer sat minsken ferstoarn, docht sear. Freugde, ja Cambuur en Hearrenfean wûnen hiel soms. Fernuvering. Dat we mei 16 miljoen minsken ek 16 miljoen mieningen ha. Lulkens. Mar dan kin je wol oan de gong bliuwe.

Der is foar my mar ien winner. Yn binnen- en bûtenlân is de wize werop minsken mei elkoar omgeane sis mar net bêst. Elkoar oerhearskje en fan ’t hynder bringe troch geraas en gesjit. It docht my tinken oan de tritiger jierren fan de foarige ieu. It makket my spookbenaud. Myn emoasje fan 2015: bang. Ik bin hiel bang."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)