Keunsthazze fan It Amelân hat stikkene earen

23 des 2015 - 09:31

De hazze fan keunstner Albert Kramer dy't sûnt de Keunstmoanne op It Amelân stie, is omwaaid. Troch de hurde wyn fan de lêste dagen is it grutte byld fan syn sokkel waaid en op de side telâne kaam. It bist mist no syn earen.

It byld wie yn de Keunstmoanne in drok besocht plakje. De organisaasje hie dêrom besletten om de hazze langer stean te litten. Op it eilân begûn in hantekeningaksje om de hazze in fêst plak te jaan. Dy aksje smiet 600 hantekenings op.

Trefwurden: 
hazze It Amelân Keunstmoanne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)