Abdij van Dokkum feilt Alvestêdekeamer foar Serious Request

23 des 2015 - 09:17

De Abdij van Dokkum hâldt by in folgjende Alvestêdetocht in keamer frij foar de heechste bieder op de feilingsite fan 3FM Serious Request. As de 'Tocht der tochten' ea wer riden wurdt, binne faak yn in sucht alle hotelkeamers folboekt. It Dokkumer hotel biedt in spesjaal VIP-arranzjemint oan dat allinnich brûkt wurde kin as de Alvestêdetocht ferriden wurdt.

Woansdeitemoarn stie it bedrach al op 750 euro, de heechste bieder mei in nacht yn it hotel sliepe en lúks ite en drinke. As de tocht dit jier net trochgiet, bliuwt de weardebon jildich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)