Ynbrekkers yn Grou ûntkomme oan de plysje

23 des 2015 - 08:36

De plysje yn Grou hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei fergees socht nei twa ynbrekkers. Dy hiene ynbrutsen yn in winkel oan de Nieuwekade. In tsjûge alarmearre de plysje. De plysjeminsken seagen dat de ynbrekkers in rút fernield hiene om deryn te kommen. Der is mei in plysjehûn socht nei de dieders, mar dat spoar rûn dea by de haven fan Grou.

Neffens de tsjûge giet it om twa manlju fan sa'n 1 meter 90 lang, mei swarte jassen mei kapusjons oan, dy't in swarte sporttas by har hiene.

Trefwurden: 
ynbraak Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)