Duo mei airsoftpistoal oanhâlden yn Drachten

23 des 2015 - 07:33

De plysje yn Drachten hat tiisdeitejûn op de Noardkade in 25-jierrige Ljouwerter en in 21-jierrige frou út Drachten oanhâlden foar stellerij út in winkel oan it Raadhuisplein. Yn de auto fan it stel waard in airsoftpistoal fûn. Om't dizze wapens op echte pistoalen lykje, binne se yn Nederlân ferbean.

It wapen en de auto binne yn beslach naam. It stel sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
airsoftpistoal Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)