Huitema by meast ynfloedrike persoanen yn agraryske sektor

22 des 2015 - 17:24

Melkfeehâlder en VVD-Europarlemintariër Jan Huitema (31 jier) fan Makkingea stiet yn de nij publisearre AgriTop 50 oer 2015. Yn dizze list stean de fyftich ynfloedrykste persoanen yn de agraryske sektor. Huitema stiet op plak 43. Yn de list wurdt er omskrean as in 'jonge hond met landbouwmissie'. 

Op nûmer ien yn de list stiet Roelof Joosten, CEO by FrieslandCampina. Ek Piet Boer fan FrieslandCampina stiet heech yn de list, op nûmer fiif.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)