Gjin sirkusfoarstellings yn Ljouwert troch min waar

22 des 2015 - 17:18

Teloarstelde bern en âlden tiisdeitemiddei op it Saailân yn Ljouwert. Troch it minne waar gongen de twa krystfoarstellings fan sirkus Salto net troch. Ien foarstelling wie útferkocht en de oare siet ek goed fol.

Foar de bern wiene der lollys en foar de âlden kofje. De kaartsjes koene omboekt wurde nei in oare foarstelling.

Trefwurden: 
sirkus Salto Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)