Omrop TIP: 1e krystdei-Krystkonserten en Winterwiken Top 70

25 des 2015 - 07:54
  • Winterwiken

Omrop Fryslân hat op earste krystdei in protte moaie muzyk op de radio. Moarns krekt nei njoggenen is der Krysttiid yn Fryslân. Rein Tolsma presintearret in seleksje fan de moaiste krystkonserten dy’t Omrop Fryslân de lêste jierren registreard hat. Mei ûnderoaren opnames fan it krystkonsert yn 2002 yn Wolvegea, mei brassband Euphonia en it Roden Handel Chorus. Ut 2013 dielen út it krystkonsert út de Martinitsjerke yn Frjentsjer, mei Advendo en it koar Imanuel.

Middeis krekt nei tolven is it tiid foar de Winterwiken Top 70. Johan Terpstra en Arjen Overmaat presintearje oant seis oere tegearre de list mei de 70 allermoaiste en populêre krystlietsjes. Nijs en waar is der ek op dizze earste krystdei op de radio: om 9 en 12 oere.

Op TV op earste krystdei by Omrop Fryslân de foarstelling “In Krystbetsjoening”; In ôfwikseljend “broadway”-programma mei muzyk, dûns en bekende krystferskes. Learlingen fan de musicaloplieding MUZT, dûnsers fan Dance Explosion en de Talentklas Dans, en bern fan it KinderMuziekTheater trede op yn dizze sfearfolle show. Mei fierder optredens fan solisten Jannie Brandsma en Dennis Dronkers, begelaat troch in orkest mei leden fan it Sneker Symfonie Orkest en Bigband Cue. Dizze krystfoarstelling fan it Cultuur Kwartier Sneek is snein 13 desimber opnommen yn de grutte seal fan it Theater Sneek.

Sjoch foar de folsleine programmearring mei de feestdagen op www.omropfryslan.nl/winter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)