Waadunit sjocht berteweach seehûnen op Richel en Gryn

22 des 2015 - 13:05

It liket in goed jier foar de seehûnen yn Fryslân en der is sels in twilling berne. Dat meldt de Waddenunit. De berteweach fan seehûnen op Richel en Gryn rint no op har ein. Op Gryn binne al 55 pups berne.

It is net bekend hoefolle pups der op Richel berne binne, mar der binne al mear as 250 sjoen. Dat seit Nico Larros fan de Waddenunit. Ynkoarten gean se mei in fleantúchje oer de Waadsee hinne om te sjen hoefolle der krekt binne.

Tusken alle jonge seehûnen hawwe meiwurkers fan de Waddenunit en ûndersikers fan IMARES ek wat bysûnders sjoen. Op Richel seagen se in twilling. Dy wurde wol faker berne, mar de mem stjit faak ien fan de twa pups ôf en dy oerlibbet dat net. Dizze twa mochten beide by harren mem bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)