Snitser automobilist knypt kiel fan Ljouwerter ticht

22 des 2015 - 10:57

De 52-jierrige automobilist út Snits dy't moandeitemiddei oanhâlden is foar mishanneling, hat de kiel fan syn 27-jierrige slachtoffer út Ljouwert tichtknypt. Dat docht bliken út ûndersyk troch de plysje.

De Ljouwerter stuts by it stasjon fan It Hearrenfean de dyk oer, doe't de bestjoerder út Snits mei hege snelheid oanriden kaam. Dy begûn fuortendaliks te toeterjen en utere dat de fuotgonger oan de kant moast. Doe't de Ljouwerter in gebeart makke dat de Snitser it rêstich oan dwaan moast, stapte de man út en fleach syn slachtoffer oan.

Omstanners koene de man út hannen fan de Snitser rêde. Dy naaide út, mar waard letter yn syn wenplak oanhâlden. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)