Utkyktoer De Jouwer is ôfbrutsen

22 des 2015 - 10:42

De útkyktoer lâns de A7 by De Jouwer is tiisdei ôfbrutsen. It bouwurk is ferkocht oan Bergsma Filmproducties yn Eastersee, dy't it brûke sil as filmstellaazje yn harren bedriuwsgebou. De toer is no ôfbrutsen, om't der fanwege de krystfakânsje minder fytsende skoalbern binne op it drokke fytspaad der flakby. 

Neffens de gemeente De Fryske Marren ferliest de toer syn funksje mei de komst fan it nije ferkearsknooppunt by De Jouwer. Der wiene sân belangstellenden foar de toer.

Earder dit jier kaam de toer yn it nijs doe't in famke swier ferwûne rekke nei't se der fan ôf fallen wie. Nei alle gedachten wie ien fan de platen boppe yn de toer losmakke troch fandalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)