Predikant en dichter Jaap Zijlstra ferstoarn yn Amsterdam

22 des 2015 - 10:23
  • Jaap Zijlstra

De ferneamde predikant en dichter Jaap Zijlstra is tiisdei ferstoarn yn syn wenplak Amsterdam. Zijlstra wie al in pear wiken siik. Hy is 82 jier wurden. Zijlstra hat as predikant yn Duerswâld (no Wynjewâld) wurke. Hy waard dêrneist in soad frege as gast-predikant en spruts faak by de Pinksterfeesten yn Feankleaster.

Zijlstra presintearre tusken 1987 en 1990 it NCRV-programma Kerkepad. Yn 2010 krige er de Dr. C. Rijnsdorppriis foar syn hiele oeuvre. Hy wurdt begroeven yn it dûmnygrêf yn Zunderdorp, wêr't sûnt 1871 net ien mear begroeven is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)