Fryske musea skoare goed troch populêre útstallings

22 des 2015 - 06:00
  • In haai dy't allinne bestiet út bloedfetten

Fryske musea hawwe in goed jier hân. De besikersoantallen fan Keramykmuseum Princessehof gienen mei goed 50 persint omheech. Yn it Natuurmuseum Fryslân kamen ek in kwart mear besikers as yn 2014. By de beide Ljouwerter musea komt dy stiging benammen troch grutte populêre útstallings.

Sa lûkt by it Natuurmuseum de útstalling Animals Inside Out in soad minsken. It Princessehof koe bot profitearje fan de útstalling 'Thee'.

It Fries Museum sjocht it besikersoantal just krekt wat weromrinnen. Kamen der ferline jier noch goed 100.000 minsken, dit jier in 10.000 minder.

Ekposysje Alma-Tadema

Neffens direkteur Kris Callens leit dat oan it feit dat it museum yn 2014 weriepene is. Dat lûkt altyd in soad ekstra minsken. It besikersoantal leit al foars boppe de doelstelling fan 80.000 besikers. Takom jier hopet Kallen in slach te slaan. In útstalling oer de Fryske skilder Lourens Alma Tadema moat dan in soad minsken nei Ljouwert helje.

Museumjierkaart

It Keramykmuseum Princessehof komt yn septimber ek wer mei in nije grutte útstalling, sa seit Kallen. Njonken de 'Block Busters' wol hy ek bot ynsette op de museumjierkaart. Yn oare parten fan Nederlân meitsje al in soad minsken gebrûk fan dizze tagongskaart. Yn Fryslân bliuwt dat lykwols achter, wylst musea hjir der al fan profitearje kinne.

Publyk lûke mei ekstra aktiviteiten

Mei de oare lytsere musea yn de provinsje giet it ek goed, sa seit museumkonsulinte Mirjam Pragt. "Opvallend is dat met name de kleinere musea die draaien op vrijwilligers het goed doen." Neffens Pragt kinne je fierder sjen dat musea dy't aktiviteiten foar jong én âld organisearje, dat dy al gau ekstra besikers lûke. It is neffens har ek sa dat in museum in relatyf goedkeap útstapke is foar it gesin dat ek nochris learsum is.

Besikersoantallen yn 2014 en 2015

De regionale omroppen en de NOS ha mear as 120 gruttere keunst- en skiednismusea yn Nederlân frege nei de besikersoantallen fan 2014 en 2015 oant 1 desimber. Fierder is frege hoe't se ferskillen ferklearje en oft se saken feroarje yn harren oanpak. It Fryske byld komt goed oerien mei it lanlike. Gemiddeld groeide it tal besikers mei goed 7 persint. De groei bliuwt al efter by de ôfrûne jierren: tusken 2011 en 2014 gienen de besikersoantallen mei gemiddeld 9,3 persint omheech, sa makke de museumferiening earder dizze moanne bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)