Winterwaarmte: iisklup 'It Sipeltsje' wykt út nei keunstiis

21 des 2015 - 21:37

It wol mar gjin winter wurde en dus leit der ek gjin natoeriis. Foar iisbaanferienings rûnom yn Fryslân in ferfelende situaasje. De lêste pear jier wurde de iisbanen wol klear makke, mar riden wurdt der net. De temperatueren binne fierstente heech. IIsbanen lizze der ferlitten by.

Foarsitter Jasper de Rijke fan iisklup 'It Sipeltsje' yn Deinum hat al wol in alternatyf yn de holle. Mei de leden nei de keunstiisbaan. Want it sjocht der op dit stuit noch net nei út dat der natoeriis komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)