Princessehof krijt wichtige kolleksje hjoeddeisk keramyk

21 des 2015 - 16:11
  • Keramyk út de samling fan silger Ronald Kuipers

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in wichtige kolleksje hjoeddeisk keramyk krigen. It is skonken troch de famylje fan samler Ronald Kuipers dy't krekt ferstoarn is. Hy wurke 30 jier oan syn kolleksje. Dêrfan gean no 37 wurken nei it museum yn Ljouwert.

It Princessehof is der hiel wiis mei, want it past hiel goed binnen it kolleksje- en útstallingsbelied. De skinking wurdt oant febrewaris takom jier yn in it museum toand.

Museum Boijmans Van Beuningen waard ek troch de famylje fan Kuipers benadere om in diel fan de samling oer te nimmen. Ek dêr is in spesjale útstalling organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)