Havengebiet fan Flylân is folslein ferboud

21 des 2015 - 13:36

De ferbou fan it havengebiet fan Flylân is hielendal klear. It gebiet is it ôfrûne healjier ûnder hannen naam en in stik feiliger wurden. Sa is der in dúdlike skieding makke tusken de ferskate ferkearsstreamen. Boppedat binne der op it plein saneamde eilannen kaam, dêr't minsken sitte kinne en oer de Waadsee útsjen kinne. Ek is der yn 'e dyk in plak kaam dêr't minsken sitte kinne.

Foarhinne moasten op it plein ek bygelyks bussen en taksys ride, dy hawwe no in plak krigen oan 'e oare kant fan 'e fearterminal.

Wethâlder Rients Hoekstra tinkt dat it havenplein no wer sa'n tritich jier foarút kin.

Fearterminal

De gemeente Flylân is ek noch mei Rederij Doeksen en Rykswettersteat yn petear om de fearterminal te ferpleatsen nei de punt fan 'e pier. Der komt dan noch mear romte foar it plein en dat soe de oansjoch fan it eilân noch better meitsje, tinkt Hoekstra. It plan nimt noch wol in pear jier yn beslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)