Robots nimme yn de takomst in grut part fan ús wurk oer

21 des 2015 - 13:09

De opkomst fan de robot sil Fryslân ekstra swier treffe. Dat skriuwt advysburo Deloitte yn har ûndersyk nei de takomst fan wurk. Robots sille de kommende jierren in hieltyd grutter part fan ús wurk oernimme. Je kinne dan tinke oan molkrobots, lasrobots, soarchrobots en selsbestjoerende auto's. De opkomst fan de robot biedt kânsen, mar sil ek miljoenen banen kostje.

Benammen regio's mei in soad MBO'ers en minsken mei in legere oplieding - lykas Fryslân - moatte rekken hâlde mei baneferlies, seit ûndersykslieder Maurice Fransen fan Deloitte.

Banewiksel

Benammen banen mei hannelingen dy't automatisearre wurde kinne lykas administratyf meiwurker, boekhâlder, fakkefoller, sjauffeur, laborant, akkountant en fersekeringsmeiwurker sille ferdwine. Op termyn komme der wer banen by, mar dan giet it wol om hiel oare funksjes lykas persoanlik fersoarger, robotmonteur, geriatryske stedsplanolooch, data-analist en túnarsjitekt.

Fiif oant tweintich jier

Deloitte ferwachtet dat dizze ûntjouwing de kommende fiif oant tweintich jier syn beslach krije sil. Oer tweintich jier sil gjin bedriuw mear wurkje lykas op dit momint. Bedriuwen dogge der dêrom ferstannich oan om te ynvestearjen yn ynnovaasje en hjirfoar ek gear te wurkjen mei oare bedriuwen en kennisynstânsjes. De robotrevolúsje biedt Fryske bedriuwen seker kânsen. Metaalbedriuwen kinne hjirtroch bygelyks better konkurrearje mei lannen mei legere leanen en dat is wer posityf foar de wurkgelegenheid.

Underwiis

Om de beropsbefolking klear te meitsjen foar de robotrevolúsje kin de oerheid it bêste ynvestearje yn ûnderwiis. It giet dan net allinnich om ûnderwiis oan bern en jongerein, mar ek om folwoeksene-edukaasje om minsken mei banen dy't ferdwine klear te meitsjen foar in nije funksje.

Trefwurden: 
robot Fryslân Deloitte banen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)