Waadfûns ynvestearret yn ferskate Fryske projekten

21 des 2015 - 11:16

Skettens krijt in ton út it Waadfûns om de tsjerke geskikt te meitsjen foar besinningstoerisme. It tsjerkje stiet op in terp en út de tsjerke kin de stilte en de nacht op bysûndere wize belibbe wurde. Der komme fjouwer sliepplakken, in keukenblok en in dûs en wc yn de tsjerke. Op de boppeferdjipping wurdt in sliepkeamer mei finster op it westen makke.

It Waadfûns jout ek jild oan it meitsjen fan in edukative film oer it Waad. It wrâlderfguod moat dêrmei in struktureel plak krije yn it ûnderwiis, sawol op basisskoallen, MBO en universiteit.

Lanskipsbehear

Lânskipsbehear Fryslân krijt in ton foar it fierder ûntwikkeljen fan it Shared Grien Space-projekt yn doarpen yn it Waadgebiet. Doel is om de kwaliteit fan de griene iepenbiere romte yn de doarpen te ferbetterjen en dêrmei de leefberens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)