Byrne jongste doelpuntemakker foar Cambuur

21 des 2015 - 10:49
  • Jack Byrne

Cambuur middenfjilder Jack Byrne is mei syn 19 jier en 240 dagen de jongste doelpuntemakker ea fan Cambuur yn de earedivyzje. Byrne skoarde de 0-3 yn de útwedstriid tsjin Excelsior. De wedstriid einige yn 1-4 en dat betsjut de earste útoerwinning foar Cambuur sûnt 14 desimber 2014 (1-2 winst op Go Ahead Eagles). "We zijn allemaal heel blij. We hebben geweldig gespeeld en een goed resultaat gehaald", sa sei Jack Byrne .

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)