UNIS Flyers as earste nei play-off bekerkompetysje

20 des 2015 - 21:07
  • Marco Postma fan de UNIS Flyers

UNIS Flyers hat sneintejûn troch de 7-1 winst by Nijmegen it earste plak yn de bekerkompetysje helle. De Feanster iishockeyers wûnen alle trije perioaden, dat diene se mei 3-0, 2-1 en 2-0. Yn de heale play-off finale is Nijmegen, de ploech op it fjirde plak, opnij de tsjinstanner. De finale fan de bekerkompetysje is op sneon 30 jannewaris 2016 yn Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)