Cambuurfans wachtsje spilers mei fakkels yn Ljouwert op

20 des 2015 - 17:56

Op it Cambuurplein yn Ljouwert stienen snein oan de ein fan de middei tal fan Cambuurfans de bus mei spilers op te wachtsjen. De Ljouwerters wûnen yn Rotterdam fan Excelsior. De goed hûndert supporters stienen mei fakkels en fjoerwurk klear om de bus binnen te heljen.

Troch de winst fan 4-1 klimt de ploech fan Henk de Jong in plakje yn de earedivyzje. De supportersferiening soe sneintejûn in frijwilligersjûn hâlde, dus dêrom wienen al tal fan oanhingers by it stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)