SC Hearrenfean ferliest mei 4-0 fan ADO Den Haag

20 des 2015 - 16:25

SC Hearrenfean hat snein ferrassend mei 4-0 ferlern fan ADO Den Haag. Aaron Meijers, Danny Bakker, Tom Beugelsdijk en Kevin Jansen makken de goals yn it Abe Lenstra Stadion. Troch de nederlaach giet ADO de Feansters foarby op 'e ranglist. De ploech fan Foppe de Haan stiet no op it alfde plak yn 'e earedivyzje.

De iepeningstreffer foel nei tweintich minuten. Meijers krige de bal mei en passearde Hearrenfean-keeper Erwin Mulder. Nei it skoft goaide ADO Den Haag de wedstriid yn it slot troch de goals fan Bakker, Beugelsdijk en Jansen: 4-0.

De earste mooglikheid yn 'e earste helte wie foar Caner Cavlan, mar syn skot waard keard troch ADO-keeper Martin Hansen. Dêrnei makke Meijers de 1-0 foar syn ploech. Hearrenfean mocht fan gelok sprekke dat it gjin 2-0 stie by it skoft: Edouard Duplan miste ien-op-ien mei Mulder.

De twadde helte begûn beroerd foar Hearrenfean. De Feanster ferdigening lei folslein iepen en each-yn-each mei Mulder tikte Bakker de 2-0 binnen. Fuortendaliks dêrnei wie Hearrenfean ticht by de oanslutingstreffer, mar Meijers koe de bal fan de line fuorthelje. Mei it ynbringen fan ûnder oaren spits Henk Veerman hope De Haan op jacht te gean nei de 2-1, mar oan 'e oare kant gie de bal deryn. Beugelsdijk skeat de bal hurd tsjin 'e touwen út in hoekskop.

Mitchell Te Vrede krige noch in goeie kâns op de earetreffer foar Hearrenfean, mar de oanfaller krige de bal der net yn. Oan 'e oare kânt koe ADO noch wol in kear skoare. Yn 'e blessueretiid makke Jansen der noch 4-0 fan. Dêrtroch geane de Feansters mei in domper de winterstop yn.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)