Hânbalferienings wolle profitearje fan súkses op WK

20 des 2015 - 15:22

Hânbalferienings hoopje dat se profitearje kinne fan it súkses fan de hânbalfroulju op it WK yn Denemarken. It Nederlânske team spilet dêr hiel goed. Sneintemiddei spylje se de finale tsjin Noarwegen. De goede resultaten soargje foar de nedige reuring by de hânbalferienings. Benammen no't de wedstriden ek live op tv útstjoerd wurde. By hânbalferiening Jupiter 76 yn Frjentsjer libbet it WK enorm.

Hânbal is in lytse sport yn Fryslân. Der binne mar trije echt aktive ferienings. Nije oanwaaks is needsaaklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)