Jelle B treedt op mei syn suster Sippie

20 des 2015 - 10:23
  • Sippie Sopraan en Jelle B.

Jelle B stiet foar it earst mei syn suster Sippie op de planken. It is in bysûndere gearwurking omdat se fan hiel oare muzyk hâlde. De Wytgaarder is bekend fan syn Nederlânsktalige popmuzyk. Sippie, artystenamme Sippie Sopraan, sjongt klassyk. Sippie woe graach ris in kear in krystkonsert organisearje en die op Facebook in oprop foar sjongers. Dat Jelle ek reagearre, hie se nea tocht.

Op moandeitejûn presintearje broer en sus in Midwinterkonsert yn de Mennistetsjerke fan Snits. Mei in koar en tal fan solisten bringe se ferskate krystnûmers.

Yn it radioprogramma Buro de Vries fertelle Jelle en Sippie oer har leafde foar de muzyk, it muzikale nêst dêr't se út komme en oer har gearwurking. 

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)