Fyftich nije filmkes foar Frysk Filmargyf

19 des 2015 - 16:40
  • De ynbringdei yn Dokkum luts sneon sa'n hûndert minsken
  • Ynbringdei Frysk Filmargyf yn de biblioteek yn Dokkum

It Frysk Filmargyf hat der sa'n fyftich nije filmkes by krige. Yn de iepenbiere biblioteek yn Dokkum koene belangstellenden sneon films en fideo's ynbringe. Dêr kaam in hûnderttal minsken op ôf. By de ynkommen filmkes sit ûnder oare in doarpskolleksje fan Kollumersweach.

It Frysk Filmargyf hâldt in pear kear yn it jier gearkomsten om nij materiaal te krijen. Dit wie foar de earste kear yn Dokkum, yn gearwurking mei de Histoaryske Feriening Noardeast-Fryslân. Op de ynbringdei yn de biblioteek yn Dokkum waarden ek âlde filmbylden fertoand.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)