Swimmaraton fan 24 oeren yn Blomketerp foar Etiopië

19 des 2015 - 15:07

Yn swimbad Blomketerp yn Frjentsjer binne jongeren sneon útein set mei in swimmaraton fan 24 oeren. Se helje sa jild op foar it goede doel. Dat is in projekt fan World Servants yn Etiopië. In groep fan 20 jongeren út Fryslân sil dêr dizze simmer hinne om twa klaslokalen te bouwen yn in doarp op sa'n 80 kilometer fan haadstêd Addis Abeba.

De swimmaraton duorret oant en mei 18.00. Mei-inoar moat der 70.000 euro foar it projekt ophelle wurde. De groep is al in moai ein hinne, want de teller stiet op it stuit op sa'n 40.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)