Plysje siket tsjûgen fan ûngelok yn Frjentsjer

19 des 2015 - 09:56

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Frjentsjer, dat barde op sneon 12 desimber. In 16-jierrich famke fytste doe middeis om 16.00 oere oer de boargemaster Juckemastrjitte. Fan rjochts kaam in reade auto út de Marten Oostwoudstrjitte, it famke joech gjin foarrang en in botsing wie it gefolch. Se kaam te fallen en rekke dêrby ferwûne.

De plysje siket minsken dy't it ûngelok sjoen hawwe en ek dejingen dy't earste help ferliend hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)