Frysk bedriuw ferkeapet wedstrydshirt fan FC Grins foar KiKa

18 des 2015 - 22:29
  • FC Grins út de skroeven mei it winnen fan de wedstrydbeker

It Ljouwerter bedriuw Domino ICT hat freed in fuotbalshirt fan FC Grins op in feilingsite te keap set. Dat meldt RTV Noord. It giet om it t-shirt fan nûmer 24, Tom Hiariej, dat hy oanhie by de bekerwedstryd tsjin PEC Zwolle. De Grinzers wûnen doe mei 2-0 en sleepten doe foar it earst de wedstrydbeker binnen.

Op it shirt stean alle hantekeningen fan de spilers dy't meispilen yn de bekerfinale. Om't it bedriuw fynt dat sa'n belangryk shirt net yn Fryslân thús heart, jouwe se de Grinzers de kâns om it werom te keapjen.

Opbringst KiKa

It bedriuw hoecht der sels net better fan te wurden, want de folsleine opbringst giet nei KiKa, de stichting tsjin bernekanker. It heechste bod is no 391 euro. Minsken kinne noch biede oant moandeitejûn 20.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)