UNIS Flyers wint maklik fan Dordrecht

18 des 2015 - 22:17

UNIS Flyers hat de bekerwedstriid tsjin Dordrecht mei 8-0 wûn. Op it iis fan Thialf wiene de perioadestannen 2-0, 3-0 en 3-0. Dordrecht, de nûmer lêst en noch sûnder punten, hie net folle yn te bringen. Tony Demelinne soarge foar de goals yn de earste perioade. Dêrnei hiene Brent Janssen, Harry Matheson en Pippo Limnell súkses yn de twadde perioade.

Kenny Welles, opnij Matheson en Marco Postma soargen foar de 8-0 einstân.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)