Fyfde edysje Slachtemaraton stiet yn it teken fan 'Feest'

18 des 2015 - 21:24

De fyfde edysje fan de Slachtemaraton op 4 juny takom jier hat it tema 'Feest'. Bedoeling is om in slinger fan 42 kilometer te meitsjen op de rûte fan Easterbierrum nei Raerd. Gewoanwei regele de organisaasje alle aktiviteiten op dy rûte sels, mar foar dizze edysje meie de doarpen oan de rûte dêroer mei tinke. De kaartferkeap foar de Slachte begjint op 9 jannewaris om 06.00 oere op ynternet.

"It is ferstannich om moarns de wekker te setten, want de kaarten binne meastentiids yn in oere útferkocht," sa seit foarsitter Anne Jochem de Vries. Freonen fan de Slachtemaraton kinne in wike earder al har kaarten oanskaffe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)