Beswieren tsjin hege gebouwen Skylge ôfwiisd

18 des 2015 - 16:57

Alle beswieren tsjin de bou fan fiif hege gebouwen by it Griene Strân op Skylge binne ôfwiisd. It kolleezje fan beswier en berop fan Skylge hat dêroer útspraak dien. It betsjut dat de Segesta Groep troch kin mei de plannen foar de bou.

Der is op it eilân in soad wjerstân tsjin de plannen. Eilanners en oaren fine it ûntwerp net passen by Skylge. Sa wurdt it gebou neffens de beswiermakkers fierstente heech.

15 meter

It soe gean om in 15 meter heech gebou. De aksjegroep 'Help Terschelling' fiert al juridyske prosedueres tsjin de bou.

Teloarsteld

Wurdfierder Richard Gorter fan de aksjegroep is slim teloarsteld. Hy wol it der fierder by sitte litte. 'Laat de bestuurders nu maar zien wat ze aanrichten met dit besluit.' Neffens Gorter wurdt der mei de bou fan it kompleks ûnwerstelbere skea oanrjochte op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)