Rapport Sovon: Ljippestân rint al jierren werom

18 des 2015 - 16:19
  • Ljip

De takomst fan de ljip yn Fryslân sjocht der min út. Dat blykt út sifers fan ûndersyksburo Sovon. De ljippestân is yn de perioade 2003-2014 alle jierren mei in lytse trije persint weromrûn. Ek it leefgebiet en de fersprieding fan de ljip nimt ôf. It ûndersyk wie nedich neidat de Ried fan Steat begjin dit jier in streek sette troch it ljipaai sykjen.

No't de konklúzjes út it rapport dúdlik binne, wurde begjin takom jier earst it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW, en de Faunabeskerming heard oer it rapport.

Beslút

Dêrnei nimt it provinsjebestjoer in beslút oer de takomst fan it ljipaai sykjen. It Sovon-rapport sil dêrby in wichtige rol spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)