Amtners meie jongeren tenei sels trochferwize nei Halt

18 des 2015 - 16:05

Opspoaringsamtners fan de gemeente Súdwest-Fryslân en Ljouwert meie jongeren sûnt dizze wike sels trochferwize nei Buro Halt. It binne de iennichste twa gemeenten yn Noard-Nederlân dy't hjirfoar tastimming hawwe fan de rjochtbank.

De amtners meie jongerein nei Halt stjoere by bygelyks oertrêdingen mei fjoerwurk of fernielingen. Yn guon gemeenten meie amtners wol in Halt-straf oplizze, mar dat is dan foar in bepaald feit. Yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert jildt dy beheining net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)