Fryske gemeenten hawwe muoite finansjeel sûn te bliuwen

18 des 2015 - 15:08

It bliuwt dreech foar de Fryske gemeenten om finansjeel sûn te bliuwen, ek al giet it better mei de ekonomy. De ferwachting is dat dy problemen de kommende jierren ek oanhâlde, sa lit de provinsje witte. De provinsje is ferantwurdlik foar it finansjeel tafersjoch op de gemeenten.

Foar sân gemeenten jildt dat sy hegere skulden hawwe, as je dat ôfsette tsjin wat sy op 'e bank stean hawwe en wat sy besitte. Dat binne Hearrenfean, Ljouwert, Weststellingwerf, Dantumadiel, Kollumerlân, It Amelân en Skiermûntseach.

Hearrenfean

Al sûnt 2014 stiet de gemeente Hearrenfean ûnder ekstra tafersjoch omdat sy in soad jild kwytrekke is oan net ferkochte bedriuwsterreinen. It giet wol better mei Hearrenfean, mar it hat noch tefolle skulden en de finansjele posysje bliuwt meager. Provinsjaal tafersjoch is dêrom ek takom jier nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)