Gjin wizigings yn basisalve SC Cambuur

18 des 2015 - 13:38
  • Cambuur-Twente

SC Cambuur spilet snein tsjin Excelsior mei deselde alve basisspilers as ferline wike. Doe wûn Cambuur foar it earst dit seizoen. NEC waard mei 3-1 ferslein. Trainer Henk de Jong hat ek in wat rommere kar, want Furdjel Narsingh en Sander van de Streek keare werom fan in blessuere. Beiden begjinne op de bank.

Cambuur kin de winst goed brûke, want it stiet noch hieltyd 17e, mei 10 punten út 16 wedstriden. De opstelling: Nienhuis, Peersman, Van der Laan, Dammers, Vytas, Bakker, Byrne, Monteiro, Houtkoop, Ogbeche, Rosheuvel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)