Ek Fryske tankstasjons stunte mei histoarysk lege diselpriis

18 des 2015 - 13:25

Foar it earst dûkt freed de diselpriis ek yn Fryslân ûnder de ien euro. Tongersdei barde dat lanlik al op in pear plakken. Under oaren yn Ferwert wurdt no minder as 1 euro frege foar in liter disel. De eigener fan it pompstasjon seit dat hy geunstich ynkeapje koe. Der sit noch hieltyd in pear sint marzje op in liter.

It is hast seis jier lyn dat de prizen sa leech wiene. De oarsaak leit yn de oaljepriis. It oanbod nimt bot ta, wylst de fraach nei brânstof just ôfnimt. It ferskil mei 2012 is grut. Doe koste in liter disel hast 50 sint mear.

Stunte

De pomphâlder yn Ferwert, Schelte Halma, fertelt dat hy mei sa'n lege priis stunte kin, om't hy in lyts selsstannich pompbedriuw hat en dêrom sels syn priizen bepale kin. Klanten dy't noch fan de lege priis profitearje wolle, kinne dat dwaan oant en mei it nije jier, dan giet de priis neffens de pomphâlder wer omheech. 

De lanlike diselpriis leit op it stuit op 1,18 euro per liter, mar in soad tankstasjons binne goedkeaper. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)