Helper ûngelok A32 blykt Wolvegeaster beropsmilitêr

18 des 2015 - 12:11

Bart Hoekstra hoegde der net lang oer nei te tinken doe't er ôfrûne sneon twa brânende auto's seach op de A32. De beropsmilitair út Wolvegea sette de eigen auto oan de kant, sprong oer de fangrail en holp de ferwûne fuortendaliks. Mei help fan oaren wist hy in 79-jierige man fan It Hearrefean út de auto te heljen. 

Dat wie net sûnder gefaar, troch it fjoer en it mooglike ûntploffingsgefaar. De man is letter oan syn ferwûnings ferstoarn, mar dat docht neffens de plysje neat ôf oan de heldestatus fan Hoekstra en de oare helpers.

Neffens Hoekstra sit it helpen him yn it bloed. Benammen om't er beropsmilitêr is.

Trefwurden: 
ûngelok A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)