Earste fiskpassaazje yn it Lende-Tsjonger trajekt oplevere

18 des 2015 - 10:45

Wetterskip Fryslân hat tongersdei de earste fiskpassaazje yn it Lende-Tsjonger trajekt iepene. It giet om de keardaam yn de Madewei, tusken Aldeberkeap en Noardwâlde.

Yn totaal wurdt op alve plakken de keardaam oanpast, sadat fisken fan de iene nei de oare kant komme kinne. Dat moat derfoar soargje dat de fisken in grutter leefgebiet krije. It Wetterskip hat twa jier útlutsen foar it oanpassen fan de keardammen en slûzen yn De Lende en De Tsjonger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)