Histoarysk Sintrum Ljouwert lûkt rekôrtal besikers

18 des 2015 - 10:07

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), de Aldehou en it Pier Pander Museum hawwe dit jier folle mear besikers lutsen as ferline jier. Sa'n 25.000 minsken kamen yn 2015 nei it HCL, tsjinoer hast 18.000 in jier earder.

De Aldehou krige 500 minsken mear oer de flier (26.500) en it tal besikers fan it Pier Pander Museum ferdûbele hast: goed 3.000 tsjinoer goed 1600.

De taname wurdt foar in grut part feroarsake troch mear dielnimmers oan aktiviteiten fan it HCL. Dy stienen foar in part yn it teken fan it Maria Louisejier en 300 jier stedhûs. Ek kamen der mear skoalbern en studinten nei it HCL.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)