Bas Hettema (9) fytst 300 kilometer nei Glêzen Hûs

17 des 2015 - 22:59

De 9-jierrige Bas Hettema út Drachten stapt snein tegearre mei syn heit Wopke op de fyts nei it Glêzen Hus yn Heerlen. Yn trije dagen tiid wolle se fan Fryslân nei Limburch fytse.

Op dy wize sammelje se jild yn foar sawol de aksje fan it Glêzen Hûs as foar it KWF kankerfûns. Bas hat oant no ta al 2300 euro sammele. Woansdei sil Bas it jild by it Glêzen Hûs ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)