Iisklup keapet troch fersin nije sniefeger foar mar 35 euro

17 des 2015 - 21:45
  • Reedriden

Iiswegesintrale Baarderadiel hat by fersin harren goeie sniefeger ferkocht foar 35 euro yn stee fan de âldere feger dy't te keap stie. De sintrale hie twa sniefegers: in âlde dy't se opknapt hiene en in nijere masine. De âlde hiene se te keap setten, de nije woene se hâlde.

De Iisklup fan Jorwert hie belangstelling foar de âlde sniefeger en hie dizze kocht. Troch in fersin fan de ponghâlder fan Baarderadiel hat iisklup Jorwert de ferkearde feger ophelle. Baarderadiel lit it der fierder by sitte.

De iisklups hawwe no in deal sletten: wannear't Baarderadiel de feger nedich hat, meie se de masine liene fan Jorwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)