Grutte syktocht op de Iselmar nei fermiste man

17 des 2015 - 20:31

De plysje en de Kustwacht hawwe tongersdeitemiddei by De Lemmer fergees oerenlang socht nei de fermiste man dy't ein novimber in boatûngelok op de Iselmar hie. Ynsittenden fan in fleantúch fan de Kustwacht mienden it stoflik omskot fan de man sjoen te hawwen en warskôgen de plysje.

Dy setten ûnder oaren in helikopter yn. Uteinlik die bliken dat it net om in stoflik omskot gie, mar om in stik fean fan 30 by 60 sintimeter dat ûnder wetter lei en út de loft sjoen wei op in lichem like.

It ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok, werby't in 68-jierrige Amsterdammer om it libben kaam, rint noch hieltiid. Sa lang it twadde slachtoffer net fûn is, nimt de plysje alle meldings serieus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)