Steatsboskbehear pakt Keale Dunen yn Drents-Friese Wold oan

17 des 2015 - 19:51

De Keale Dunen yn it Drents-Friese Wold by Appelskea eagje aanst noch grutter en iepener. Om dat te berikken wurdt der twa bunder grûn op sa'n 20 plakken plagge.

Fierder wurdt der oergong fan sân en heide nei de bosk wat minder hurd troch beammen te ferwiderjen. Troch dizze maatregels sjocht it der earst net al te moai út, mar sa krijt de wyn wol mear te sizzen en it stosân mear romte.

It behâlden en fersterkjen fan it iepen lânskip is goed foar seldsume fûgels, ynsekten, planten en mosken dêr't Steatsboskbehear ferantwurdlik foar is. Ien fan dy soarten is de heidehipper, de tapuit. Om't it in Natura 2000-gebiet is, moat Nederlân der neffens Europeeske ôfspraken ek alles oan dwaan om de natoer hjir goed te beskermjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)