Natuerkemping Ikenhiem wurdt deibesteging foar jongerein

17 des 2015 - 18:18
  • Aanst wer karavans en tinten op kemping Ikenhiem

It natuerkampearterrein Ikenhiem yn Wynjewâld krijt fan maart 2016 ôf in nije bestimming. Der komt in deibesteging foar jongeren mei in ferstanlike beheining. Eigener Steatsbosbehear slút it kampearterrein yn 2013, mei om't der grutte ynvestearrings dien wurde moasten om it terrein op te knappen.

Steatsboskbehear wurket no gear mei it ekspertize- en behannelsintrum Reik. It kampearterrein wurdt no geskikt makke foar de jongeren. Dy sille ûnder oaren de camping beheare en fan beammen kachelhout meitsje. Derneist lizze se in grientetún oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)