Studinten entûsjast oer it wenjen mei senioaren yn Sint-Nyk

17 des 2015 - 17:06
  • Studinten libje yn Sint-Nyk mei soad wille mei senioaren
  • Studinte op paad mei bewenner fan Hof en Hiem

In proef mei in spesjale au pair foar âlderen yn Sint-Nyk kriget nei alle gedachten in ferfolch. De ôfrûne trije wiken hat thússoarch Hof en Hiem by twa senioaren in au pair yn hûs pleatst.

De studinten Ferpleechkunde diene húshâldlike putsjes, fersoargen de minsken en hâlden se selsskip. Yn ruil dêrfoar wennen se fergees by de âlderen yn. Eltsenien is entûsjast oer it projekt. No wurdt besjoen wat nedich is om dit yn te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)