Kiosk op Ljouwerter Prins Hendrikbrêge seit hierkontrakt op

17 des 2015 - 16:37

De gemeente Ljouwert moat op syk nei in nije eksploitant foar de kiosk op de Prins Hendrikbrêge yn de stêd. De ûndernimmers fan WeAreGrutsk sizze it hierkontrakt mei yngong fan 31 desimber op. Neffens it bedriuw wie de kiosk net goed te eksploitearjen as hoarekagelegenheid.

It bedriuw hat de kiosk dêrom benammen brûkt om kulturele eveneminten yn Ljouwert te promoatsjen. Neffens de gemeente binne der meardere partijen dy't belangstelling hawwe om de kiosk te hieren.

De kommende tiid wurdt brûkt om mei dy partijen te oerlizzen oer in nije ynfolling fan de kiosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)