Bounty Hunters Café sammelet jild yn foar it goede doel

17 des 2015 - 15:11

Kafee It Wapen fan Langwar wurdt fan 20 desimber oant en mei 23 desimber omboud ta it Bounty Hunters Café. In wike lang sille ferskate muzikanten en dj's 24 oeren deis muzyk meitsje foar it goede doel. Mei muzyk, feilings en de ferkeap fan t-shirts wolle de inisjatyfnimmers jild ynsammelje foar in goed doel. It jild giet nei in soarchynstelling yn Fryslân.

Hokker ynstelling it wurdt, is noch net bekend. Ferskate ynstellings hawwe harren oanmeld mei in bysûnder projekt. Minsken kinne noch stimme op de webside fan The Bounty Hunters.

Jelle B, Sipke de Boer, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Johannes Rypma sille ûnder oare optrede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)