Fryske Keamerleden befreegje minister oer gaswinning Fryslân

17 des 2015 - 15:00
  • Gaswinning

Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch fan de PvdA, hawwe minster Kamp fan ekonomyske saken fragen steld oer gaswinning yn Súdwest-Fryslân. De twa Fryske Keamerleden wolle fan de minister witte wêrom't hy beslist oer gaswinning by Toppenhuzen en Rie, wylst de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân tsjin eksploitaasje binne fan dizze gasfjilden.

It twatal freget him ek ôf oft de foardielen fan de gaswinning opweagje tsjin de neidielen, om't it gean soe om in relatyf lyts winstgebiet. De neidielen, lykas boaiemfersakking en ûnrêst ûnder de bewenners, soene neffens de Keamerleden skerp yn it each hâlden wurde moatte.

Soargen

Yn desimber joegen bewenners fan Toppenhuzen al oan soargen te hawwen oer gaswinning yn harren gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)